|
Myn namme is Willem Tjerkstra, soan fan Bernardus Tjerkstra en Jacoba Fortuin (skipperspear) broer fan Anne, Andries en Nieske pakesizzer fan Willem Tjerkstra en Hieke Vrieswijk (skipperspear) Anne Fortuin en Nieske de Jong (skipperspear) man fan Diny de Ruiter heit fan Fedde en Jacoba skoanheit fan Henriëtte Valkema en Wiebren Santema pake fan Eva, Jesse en Imre
Myn berte fûn plak op it skûtsje ‘Twee Gebroeders' mei It Heidenskip as domisily op 15 augustus 1943 middenyn de Twadde Wrâldoarloch op de dei fan Marije Himelfeart Fan myn berte oant myn seisde ha ik meifearn op it skûtsje nei de terp om modder nei de greide om de terpmodder te lossen nei de boer foar in fracht kowedong nei de feangebieten yn Drinte foar in fracht turf nei it eigen doarp om de turf út te suteljen
Doe't ik learplichtich waard, op 1 april 1950, moast ik nei de legere skoalle. Ik kaam by pake Willem en beppe Hieke yn de kost.
De jierren fan de legere skoalle yn It Heidenskip 1950 - 1953 yn Terherne 1953 - 1955 yn Deinum 1955 - 1956
De jierren fan de mulo yn Ljouwert 1956 - 1957 op De Jouwer 1957 - 1960
De jierren fan de kweekskoalle yn Snits 1960 - 1965
De jierren fan de militêre tsjinst yn Ossendrecht 1965 - 1966 yn Stienwikerwold 1966 yn Assen 1967
De jierren as ûnderwizer yn Nijemardum 1964 yn Snits (Groen van Prinstererskoalle) 1967 - 1972 yn Snits (Johannes Postskoalle) 1972 - 1974
De jierren as direkteur yn Snits ( de Ark) 1975 -1989
De jierren as meiwurker fan it MSU/GCOfryslân 1989 - 2003 |